Sterke start Mantgumer pupillenfamkes
Snein 1 maaie yn Burgwurd hawwe Jennie Terpstra en Amarins de Groot fuotendaliks op de earste KNKB wedstriid harren besitekaartsje ôfjûn.
Jennie wûn út in list fan 15 twatallen de 1e priis en Amarins de 1e priis yn de ferliezersronde.
De 1e en 2e omloop wie foar Jennie en maat Ineke van der Ploeg in ”makkie” en hja belânnen yn de heale finale. Neffens betroubere bronnen waard deze party tekene troch moaie boppeslagen en sterk opslachwurk en sa kamen hja yn de finale. Yn dizze party waard spannend keatst, mar op de beslissende mominten pakten Jennie en Ineke de punten en waard wûn mei 5-3 en 6-6 Yn de ferliezersronde lieten Amarins en maat Leentsje Bootsma sjen dat hja yn de earste party in minne start makke hienen. Maklik belânnen hja yn de finale dy’t mei 5-0 en 6-4 wûn waard Ek Rianne Nutma foel yn de prizen, hja wûn mei Kim Kijkstra de 3e priis.
Geplaatst op 02 May 2011